Faksinaasje ynformaasje yn it Frysk
De GGD faksinearret tsjin it koroanafirus. Mei in faksinaasje tsjin it koroanafirus beskermest dysels, mar ek dyn famylje, freonen en de kwetsbere minsken om dy hinne. De faksinaasje is fergees.Op dizze side fynst mear ynformaasje oer:
Prikke sûnder ôfspraak
Werhelprik: Elkenien fan 12 jier of âlder dy’t de basissearje tsjin koroana ôfrûne hat, kin in werhelprik krije tsjin koroana. Dat kin fan trije moannen ôf nei de lêste prik*. Krijst dan in mRNA-faksin. Hoechst gjin ôfspraak te meitsjen foar in werhelprik tsjin it koroanafirus.
Oare faksins: Ek foar in prik út de basissearje kinst sûnder ôfspraak komme. Krijst dan in mRNA-faksin. Wolst in prik mei Janssen (vector-faksin) of Novavax (aaiwyt--faksin)? Meitsje dan earst in ôfspraak. Lês mear oer dizze faksinaasjes op de webside fan de Ryksoerheid.
Hâld der rekken mei dat it drok wêze kin, wêrtroch’tst efkes op dyn beurt wachtsje moatst. Kontrolearje foar dyn besite de iepeningstiden, dy ferskille per wike en per lokaasje.
*Hast nei 18 septimber 2022 in werhelprik hân? Dan bist foldwaande beskerme tsjin slimme sykte, sikehûsopname of ferstjerren as gefolch fan koroana. It is net nedich en net mooglik om nóch in werhelprik te heljen by de GGD.
Foar guon minsken mei in medysk heech risiko kin it wol nedich wêze om in ekstra werhelprik te heljen. It giet om yndividuele pasjinten. In medysk spesjalist kin ien mei in medysk heech risiko trochferwize nei de GGD foar in ekstra werhelprik. Dêrfoar is wol in ferwisbrief fan de spesjalist nedich. Nim dizze brief mei nei de faksinaasjelokaasje. Gean foar mear fragen en antwurden nei www.mijnvraagovercorona.nl.
Prikke op ôfspraak
Komst leaver op ôfspraak foar dyn faksinaasje tsjin koroana? Gean nei www.planjeprik.nl of belje mei 0800 7070 om in ôfspraak te meitsjen foar de werhelprik of in prik út de basissearje.
Ast gjin mRNA-faksin meist of wolst, kinst op ôfspraak in faksin fan Janssen (vector- faksin) of Novavax (aaiwyt-faksin) krije. Dy faksins binne beskikber as basissearje en as werhelprik.
Lês mear oer dizze faksinaasjes op de webside fan de Ryksoerheid.
Tarieding op dyn faksinaasje
Foar in feilich en flot ferrin fan dyn faksinaasje is it belangryk datst:
- klean draachst wêrby’tst de boppe-earms maklik bleat meitsje kinst;
- it folgjende by dy hast:
- in jildich ID-bewiis.
- de ynfolle sûnensferklearring.
Folgje op de faksinaasjelokaasje de oanwizingen fan it personiel op.
De faksinaasjelokaasje is goed tagonklik, ek mei in rolstoel of rollator. Oanmelde dochst by de registraasjebaly. Nei de prik bliuwst noch 15 minuten wachtsjen om der wis fan te wêzen datst gjin bywurkingen krijst. As it nedich is binne op it plak rolstuollen en rollators oanwêzich. Goed om te witten: der is altyd in dokter oanwêzich op de faksinaasjelokaasje.
Mear witte?
Hast fêst al in soad lêzen en heard oer it koroanafaksin. It RIVM en de Ryksoerheid beäntwurdzje de meast stelde fragen oer it faksin op harren webside en wurkje dizze antwurden hieltyd by. Hast in fraach? Sjoch foar mear ynformaasje op www.coronavaccinatie.nl. Kinst ek belje mei it lanlik ynformaasjenûmer 0800-1351.
Sjoch foar mear ynformaasje de ynformaasjefolders:
Besjoch hjir de byslúters fan de faksins:
- Faksin yn it koart foar Comirnaty (Pfizer/BioNTech) tsjin COVID-19 (12+)
- Faksin yn it koart foar Comirnaty (Pfizer/BioNTech) tsjin COVID-19 (12-)
- Faksin yn it koart foar Comirnaty werhelprik (Pfzer/BioNTech) tsjin COVID-19
- Faksin yn it koart foar Spikevax (Moderna) tsjin COVID-19 (12+)
- Faksin yn it koart foar Spikevax (Moderna) tsjin COVID-19 (12-)
- Faksin yn it koart foar Spikevax werhelprik (Moderna) tsjin COVID-1
- Faksin yn it koart foar it Janssen faksin tsjin COVID-19
- Faksin yn it koart foar Vaxzevria (AstraZeneca) faksin tsjin COVID-19
- Faksin yn it koart foar Novavax faksin tsjin COVID-19